Beslút oer badhûs De Westereen

14 jul 2013 - 12:31

Ein augustus wurdt der in definityf beslút naam oer de sloop fan aktiviteitesintrum it Badhûs yn De Westereen. Dan bûcht de gemeenteried him oer it foarstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. De sloop is nedich om de nijbou fan in nij jongeresintrum yn kombinaasje mei in nije sportakkomodaasje mooglik te meitsjen. Ien en oar kostet oardel miljoen euro. Sportferienings moatte dêr 250 tûzen euro fan betelje. Dat kin ûnder oaren troch sels in soad wurk te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)