Slim ûngelok by It Hearrenfean

14 jul 2013 - 10:11

By in slim ûngelok op de A32 by knooppunt Hearrenfean binne sneontejûn fjouwer minsken ferwûne rekke. Om kertier foar njoggenen klapte foar de ôfslach De Jouwer in auto achterop in bestelwein. De 23-jierrige bestjoerder fan de auto en trije ynsittenden rekken ferwûne en binne nei it sikehûs brocht. De bestjoerder fan de bestelwein kaam mei de skrik frij. Meardere ambulânses waarden ynsetten. Ek de traumaheli waard oproppen.

Fan de autobestjoerder út Ternaard is in bloedproef ôfnaam. Hy wurdt fertocht fan it riden ûnder ynfloed fan drugs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)