Cambuur wint fan Sparta

13 jul 2013 - 16:50
  • SC Cambuur

Cambuur hat de earste serieuze oefenwedstryd foar it nije seizoen tsjin Sparta Rotterdam wûn. Yn Valkenswaard waard it 2-0 foar de Ljouwerters. Yn de twadde helte skoarden Paco van Moorsel en Johnny de Vries. Cambuur hie twa spilers mei om te testen. Oliver Feldballe út Denemarken en Marlon Pereira. Beide spilers ha nei de wedstryd te hearren krigen dat se yn oanmerking komme foar in kontrakt. Moandei yn Boppeslach in ferslach fan dizze wedstryd.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)