Minder ferlet fan simmeriis

13 jul 2013 - 16:34

It simmeriis yn Thialf hat dit jier minder rekreanten lutsen as fjouwer jier lyn. Dat seit wurdfierder Jan Zwier fan it reedrydstadion. Alle jierren kinne reedriders simmerdeis ûngefear in moanne lang traine op de iisbaan fan It Hearrenfean. Dit jier wie dat twa wiken langer, fanwege de Olympyske Winterspelen dy't der oan sitte te kommen. Yn 2009 wie Thialf dêrom ek langer iepen.

Dit wykein kinne topreedriders en leafhawwers foar it lêst gebrûk meitsje fan it simmeriis fan 2013.

Trefwurden: 
Thialf simmeriis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)