Iepen dei by Fryske ymkers

Op alve plakken yn Fryslân wurdt sneon stilstien by it wurk fan ymkers. Dit yn it ramt fan de lanlike ymkerdagen dy't de Nederlandse Bijenhouders Vereniging jierliks organisearret. Under oare yn Peazens-Moddergat krije besikers útlis oer wat in bijehâlder krekt docht. Dêrneist kin der in spesjale eksposysje oer de bij besjoen wurde en binne der huningprodukten te keap. Ek snein hâlde Fryske bijeferienings noch iepen dei.