Robot sil op syk nei siler

13 jul 2013 - 12:47

De Sweedske kustwacht giet nei alle gedachten snein mei in ûnderwetterrobot op syk nei de 21-jierige siler út Nederlân dy't tongersdei omkaam by in rêdingsaksje fan in Noarsk sylskip. Dat wie op de Baltyske See. De man farde op de Wylde Swan út Makkum dy't ôfkaam op de needsignalen fan it Noarske skip. Se besochten it skip noch te rêden, mar dat mislearre. Twa opfarrenden fan de Wylde Swan koene noch op tiid fan board komme en de tredde net.

Neffens de kustwacht betellet de fersekering net foar it omheech heljen fan it skip. It krekte plak dêr't it leit is ek noch net fûn. Wol is it bekend dat it dêr sa'n 50 meter djip is.

Trefwurden: 
siler Makkum Wylde Swan
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)