Nije fytsambulânses yn Fryslân

13 jul 2013 - 12:36
  • De nije fytsambulânse

De regionale ambulânsefoarsjenning yn Fryslân hat twa spesjale fytsambulânses oanskaft. It giet om gewoane fytsen dy't yn deselde kleuren ferve binne as gewoane ambulânses. Yn grutte fytstassen sitte allegear saken dêr't pasjinten mei holpen wurde kinne. Sietze Kijlstra fan de ambulânsefoarsjenning seit dat de fytsen benammen handich binne by eveneminten dêr't in soad publyk op ôfkomt. De fytsen kinne gauwer te plak wêze as auto's en boppedat falle se ek goed op.

De nije ambulânsefytsen wurde foar it earst by de Snitswike ynsetten. Wannear't der genôch ûnderfining opdien is, wurde der letter mooglik mear kocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)