WNF: 'Akkoart oer enerzjy'

13 jul 2013 - 12:18

Der is mar beheind romte foar grutte wynmûneparken boppe de Waadeilânnen. Dat seit it Wereld Natuur Fonds. It fûns hat mei oare natuer- en miljeu-organisaasjes en de wurkjouwers in nasjonaal akkoart sletten oer duorsume enerzjy. Ek al giet it hjir om in akkoart op haadlinen, der is wol ôfpraat dat der yn 2023 genôch duorsume enerzjy produsearre wurde moat om alle húshâldens yn Nederlân fan enerzjy te foarsjen. Dat betsjut dat der yn tsien jier tiid, fjirtich grutte wynmûneparken op see by komme.

Der is net praten oer wêr't dy komme moatte, mar lokaasjes yn it sicht fan de Waadeilânnen lizze hiel gefoelich. Op grûn fan in earder ûndersyk fan de natuer- en miljeu-organisaasjes binne der allinnich plakken op 22 kilometer ôfstân fan de eilannen geskikt en dan noch binne der bettere lokaasjes te finen, fynt wurdfierder Dylan de Gruijl fan it Wereld Natuur Fonds.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)