'Finske' winkel yn Snits

13 jul 2013 - 11:27
  • Eigenaresse Marlies van Steen

Yn Snits is sneontemoarn in winkel iepene op basis fan in Finsk konsept. 'Mijn Tafel' hjit it en minsken kinne in skap hiere om guod te ferkeapjen. Sy ha der fierder gjin omsjen mear nei. Neffens inisjatyfnimmer Marlies van Steen is it de earste yn syn soart yn Nederlân. Der binne wol oare winkel yn winkel konsepten, mar dy binne benammen bedoeld foar lytse ûndernimmers wylst hjir elkenien terjochte kin. It giet ek in soad om brûkt guod.

Neffens Van Steen docht dit soarte fan winkels it goed yn Finlân.

Se kin it lân goed omdat har soan der wennet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)