Regels oer rêden fan walfisken

Orka Morgan © ANP
De regering hat regels opsteld foar it rêden fan libjende walfisken dy't oanspiele, dat meldt de NOS. Oanlieding is de bultrêch Johanna, dy't desimber ferline jier fêst kaam te sitten op in sânplaat by Teksel. Oer har rêding wie in soad te dwaan. Yn it draaiboek stiet ûnder oare wa't ferantwurdlik is foar de rêding fan walfiskachtigen fan mear as trije meter lang.
Yn juny 2010 waard der noch in orka út de Waadsee by It Amelân rêden. Oer dat bist, dat de namme Morgan krige, wie ek in soad te dwaan. It bist swimt tsjintwurdich yn in attraksjepark op Tenerife.