Drachten stipet finale Iris

Spandoek foar Iris Kroes © Els Edes
Drachten makket him klear foar de RTL-show The Voice of Holland, De 19-jierrige ynwenster Iris Kroes stiet freed yn de finale fan de lanlik tige populêre talintejacht. Gemeentebelangen Smellingerlân hat yn Drachten spandoeken foar Iris ophongen. Se hingje oan de brêge foar fytser en fuotgongers oer de Suderhegewei. Dêr komme in soad minsken del.
Iris die earder ek alris mei oan The Fryske Music Night yn it duo Pieter en Iris. By The Voice makke se in soad yndruk troch har sjongen dêr't se harsels op harp begelate.