Fernijde passantehaven iepene

12 jul 2013 - 20:57

Yn Alderbekeap is freed de fernijde passantehaven iepene. De ôfrûne moannen hat de haven in grutte opknapbeurt krigen, omdat alles behoarlik fertutearze wie yn de rin fan de tiid. Passantehaven De Uutwiek wie eartiids oanlein mei houten peallen, mar dy ferrotten te gau. Dêrtroch wie in soad ûnderhâld nedich. No is alles fan beton makke.

De ferwachting is dat de nije passantehaven sûnder problemen de earste fjirtich jier mei giet. Mei-inoar hat de renovaasje 130.000 euro koste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)