Mollema op 2e plak yn de Tour

12 jul 2013 - 17:19
  • Bauke Mollema yn aksje yn de 9e etappe fan de Tour de France

Hurdfytser Bauke Mollema fan Ljouwert is nei it twadde plak yn it klassemint fan de Tour de France opklommen. Yn de 13e etappe fan Tours nei Saint-Amand-Montrond einige Mollema as tredde fan in kopgroep fan 14 man. Giele trui drager Christopher Froome en nûmer twa Alejandro Valverde ferlearen tiid op de Ljouwerter. Froome kaam op 1.09 minút fan Mollema oer de streek, Valverde ferlear troch in lekke bân en it waaierriden hast 10 minuten. Yn it klassemint stiet Bauke Mollema no 2.28 minút achter op koprinner Froome.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)