'It giet min mei sweltsjes'

12 jul 2013 - 16:36
  • Wytgatsweltsje

It giet min mei de wytgatsweltsjes (hússwel) op Lauwerseach. De nêsten wurde ferlitten troch de âlden mei noch libjende jongen der yn. Se dogge dat omdat der te min fretten is. Biolooch Jan Doevendans hat freed 24 fan de 50 nêsten kontrolearre. De helte fan dizze nêsten is no leech of der lizze deade jongen yn. Dat is in probleem omdat fûgels dizze nêsten dan net wer brûke, ek net foar in twadde briedsel. Neffens Doevedans hat it yn 25 jier noch net sa slim west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)