Oanhâldings saak Sint Nyk

Der binne twa fertochten oanhâlden yn it ûndersyk nei de moard op de 35-jierrige Omar Kourrich út Amsterdam. It giet om in man fan 41 en in jonge fan 17 jier. Se binne yn harren wenplak Amsterdam oanhâlden. It duo wurdt fertocht fan belutsenheid by de dea fan de man. It lichem fan Kourrich waard op 20 juny swier ferminkt fûn by swimplak Ulesprong yn Sint Nyk. Hy wie fêstbûn en ferbaarnd. Sûnt de fynst fan de man wurket in team fan 25 resjersjeurs oan de saak.
De fertochten binne yn de rin fan freedtemiddei nei Fryslân brocht. Dêr sitte se fêst. Der sil ûnder oare ûndersocht wurde wat harren link mei Fryslân is. Mear oanhâldings wurde net útsletten.