Lûdsoerlêst op It Hearrenfean

12 jul 2013 - 15:10

De plysje hat yn de nacht fan tongersdei op freed in radio en in televyzje yn beslach naam by in 31-jierrige bewenner fan It Hearrenfean. De man wennet oan de C. Gerritsmastrjitte. Der wiene meldings binnen kaam by de plysje oer lûdsoerlêst. By it oanbeljen die de man de doar net iepen. De plysje moast úteinlik it slot stikken meitsje om in ein oan de oerlêst te meitsje. Omdat de man al faker warskôge wie, waard de apparatuer yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)