Restauraasje stek Goutum

Foar in bedrach fan sa'n 130.000 euro sil ein dit jier it grutte stek by de protestânske tsjerke yn Goutum restaurearre wurde. It stek om it begraafplak fan de tsjerke hinne is goed 100 jier âld en is koartlyn op de monumintelist fan de gemeente Ljouwert kaam. It probleem is allinnich dat yn de rin fan de jierren in grutte rige beammen tsjin it stek oangroeid is en dêrom moat alles nei bûten ta ferpleatst wurde. Der moat ûnder oare in nije fundearring komme en dat kostet in soad jild.
De ferwachting is dat it wurk oan it stek noch ein dit jier úteinset. Begjin takom jier moat de restauraasje klear wêze.