Bidboek KH18 yn Amsterdam

12 jul 2013 - 10:41

In delegaasje fan ûngefear 300 minsken út Fryslân is freedtemoarn nei Amsterdam ôfsetten, om dêr it saneamde bidbook foar de kulturele haadstêd 2018 te oerlangjen oan de organisaasje. Yn dat bidboek stiet wat Ljouwert allegear organisearje en dwaan wol, as de stêd keazen wurdt ta kulturele haadstêd. Om ekstra omtinken te lûken, nimt Ljouwert Fryske hynders mei en is der stipe fan troubadoers, rappers en operettesjongers.

Njonken Ljouwert binne ek Eindhoven en Maastricht kandidaat, sy stjoere har plannen gewoan oer de post. Op 7 septimber moat echt dúdlik wurdt hokker fan de trije kandidaten kulturele haadstêd wurdt yn 2018.

Trefwurden: 
Ljouwert Amsterdam bidboek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)