'Eigen bedriuwen net ferjitte'

12 jul 2013 - 10:08
  • Gemeente It Amelân

De gemeente It Amelân moat tenei net ferjitte bedriuwen op it eilân út te noegjen as der ynskreaun wurde moat op bygelyks bouwurk en ûnderhâldswurk. It CDA, Algemeen Belang Ameland en de PvdA tsjinnen dêr tongersdei yn de gemeenteried in moasje oer yn. Oanlieding wie de behanneling fan in ûnderhâldsplan foar in oantal gemeentlike wenningen. It Gemeentlik Wenningbedriuw wurket dêrfoar gear mei Thús Wonen yn Dokkum en dy korporaasje kiest foar in oannimmer út Dokkum.

Neffens de opstellers fan de moasje hoecht de gemeente net klakkeleas yn see te gean mei Thús Wonen en moatte ek eilanner boubedriuwen de kâns krije om op it ûnderhâldswurk yn te skriuwen. De moasje waard mei tsien stimmen foar en ien tsjin oannommen. De definitive gunning fynt letter noch plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)