'Bidboek KH18 Europeesker'

It nije bidboek fan Ljouwert as kulturele haadstêd 2018 is better, grutter en benammen Europeesker. Dat seit direkteur Oeds Westerhof fan Ljouwert Kulturele Haadstêd. De twadde fersy fan it bidboek wurdt freed yn Amsterdam oanbean oan de sjuery dy't beslute moat hokker stêd oer trije jier kulturele haadstêd fan Europa wêze mei. Neist Ljouwert binne ek Eindhoven en Maastricht noch altyd yn de race. Om dy beide oare stêden te ferslaan moast Ljouwert neffens de sjuery benammen wurkje oan it Europeesker meitsjen fan it programma.
Dêrfoar is yn de ôfrûne moannen de help socht fan minsken út hiel Europa. De programmapunten binne foar in grut part gelyk bleaun, mar hawwe no wol in Europeesker karakter krigen. Yn septimber wurdt der in definitief beslút naam oer wa't kulturele haadstêd wurdt.