Pleats yn Molkwar ôfbaarnd

12 jul 2013 - 09:00
  • Freedtemoarn wie goed te sjen hoe grut de skea is

In fûle, útslaande brân hat tongersdeitejûn yn Molkwar in pleats folslein yn de jiske lein. De brânwacht fan Koudum en Starum rukte út om it fjoer op de Flait yn Molkwar te bestriden. Letter ferliende de brânwacht fan Boalsert assistinsje. De korpsen koene net foarkomme dat de pleats folslein yn flammen opgie.

De bewenners wiene thús doe't de brân útbruts, mar koene op tiid nei bûten komme. Ek de stâl neist de pleats bleau behâlden. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend. De brânwacht hat noch de hiele nacht oan it neiblussen west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)