Ferkearshinder op A7

De A7 © Google Street View
It ferkear op de A7 moat tusken It Hearrenfean en De Jouwer yn de nacht fan tongersdei op freed rekken hâlde mei fertraging troch asfaltearringswurk oan de dyk. It asfaltearjen begjint om 22.00 oere en is om 06.00 oere klear.
It ferkear kin soms mar fan ien strook gebrûk meitsje en wurdt op oare mominten omlaad, omdat it knooppunt Hearrenfean dan net berikber is fanwege it asfaltearjen.