Hotel De Blesse giet soarch yn

11 jul 2013 - 17:15
  • Hotel-restaurant wurdt omboud ta soarchakkommodaasje.

Hotel-restaurant De Blesse yn De Blesse wurdt omboud ta in soarchakkomodaasje. It âlde hotel, dat ek wol bekend stiet as hotel Spoorzicht, is oernaam troch de famylje Hoekstra út Easterwâlde. Sy wolle yn it hotel folwoeksenen mei in beheining opfange, mar derneist ek fjouwer hotelkeamers iepen hâlden.

It restaurant bliuwt ek bestean. De soarchkliïnten wurde ynskeakele by it wurk yn it hotel en it restaurant..

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)