Wurkstraf foar rellen Haren

Rellen Haren © ANP
It iepenbier ministearje hat yn heger berop 40 oeren wurkstraf easke tsjin in ynwenner fan Smellingerlân, dy't him skuldich makke ohat an iepenlike geweldpleging by de Project X-rellen yn Haren op 21 septimber 2012. Dêrneist wurdt der 2 wiken selstraf ûnder betingst easke en in boete ûnder betingst fan 600 euro.
Yn totaal stiene der tongersdei tsien fertochten fan de rellen foar de rjochter. Freed folgje nochris fjouwer. It gerjochtshôf docht op 25 july útspraak.