Plysje siket eigener meanark

11 jul 2013 - 14:39

De plysje is op syk nei de eigner fan in boskmeaner, in sitmeaner en in elektryske haachskjirre. It ark waard woansdeitemoarn fûn oan de Foarwei yn Driezum en it is net bekend wêr't it wei komt.

De plysje tinkt dat it stellen is by in ynbraak, mar noch net ien hat him melden. It ark is woansdeitemoarn om goed healwei seizen achterlitten oan de foarwei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)