Boaiem huzeprizen yn sicht

11 jul 2013 - 10:58

De boaiem fan de huzepriis yn Fryslân liket yn sicht. De huzepriis is it ôfrûne fearnsjier fierder sakke, mar likegoed is makeldersorganisaasje NVM posityf oer de sifers, want it it oantal ferkochte huzen is mei 21,5% omheech gien. Dy groei is grutter as it lanlike sifer. Gemiddeld kostet in hús yn Fryslân no 166.200 euro. Dat is goed 5% minder as in jier lyn. Neffens Albrecht Kok fan de NVM kin it oantal ferkochte wenten fierder omheech, as it probleem fan de restskuld oanpakt wurdt.

As it makliker wurdt dy oer in langer skoft ôf te beteljen, soene yn Nederlân 12.500 keapers trochstreame kinne nei in nij hûs.

Trefwurden: 
NVM huzeprizen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)