Jonge ferwûne nei fal fan trep

Plysje-embleem © ANP
In jonge fan 17 jier út Limmen is woansdei ferwûne rekke doe't er fan de trep fallen wie yn in kafee yn Midslân op Skylge. Plysjeminsken seagen him rinnen mei in hândoek om 'e nekke en mienden dat hy mishannele wie. Dat wie net sa, neffens de portier wie hy ûngelokkich fan de trep fallen. De jonge wie duzelich en hy in seare nekke.
Nei ûndersyk troch ambulânsemeiwurkers waard de jonge mei in helikopter fan de Luchtmacht nei it MCL yn Ljouwert brocht.