Westereender fermist

© Plysje Fryslân
De plysje ûndersiket de fermissing fan in 46-jierrige ynwenner fan De Westereen. It giet om Lammert Haven. Hy is ôfrûne woansdei net op syn wurk kaam. Ut ûndersyk hat bliken dien dat er dy jûns om tsien oere mei de trein nei Ljouwert reizge is. Fan dat momint ôf is der neat mear fan him fernaam.
De famylje fan de man is ûngerêst en wol graach witte wêr't Lammert is. Wa't mear ynformaasje oer de fermiste Westereender hat, kin kontakt opnimme mei de plysje.