Syldrama: skipper net ferfolge

20 jan 2012 - 10:53

In 68-jierrige skipper út Doetinchem wurdt net ferfolge yn ferbân mei de ferdrinking fan in 24-jierrige frou. De frou rekke yn maaie ferline jier op 'e Sleattemermar oerboard en ferdronk. Se wie mei klasgenoaten op in sylkamp dy't har oplieding organisearre hie.

De skipper, mar ek de skoalle en de sylskoalle hienen neffens it ûndersyk fan justysje soarchfâldiger hannelje kinnen. Likegoed kin de dea fan de frou de skipper net oanrekkene wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)