Ynbraken yn Fryslân

Ynbraak © Omrop Fryslân
De plysje docht ûndersyk nei in trijetal ynbraken yn Fryslân fan tongersdei. Yn Garyp brutsen de dieder of dieders in rút fan in hûs oan de Mounehoek iepen om deryn te kommen. De wente waard trochsocht, mar der mist neat.
Yn Ljouwert is ynbrutsen op twa plakken. Ut in wente oan de Hazelaar misse ûnder oare in elekryske gitaar, in televyzje en in byldskerm. In wente oan De Bird wie wol trochsocht, mar dêr is neat stellen.