Drachten siket fernijer

20 jan 2012 - 08:01

De nije boargemaster fan Smellingerlân moat in ferbiner en in fernijer wêze. Dat stiet yn de profylskets dy't de gemeenteried nije wike fêststelle sil. Omdat nei eigen sizzen Smellingerlân fan it eksperimint hâldt moat de nije earste boarger dêr in foartrekkersrol yn ferfolje.

Mei it each op de diskusjes oer weryndieling moat de nije boargemaster goed netwurkje en ûnderhannelje kinne. Fierder freget de ried yn de profylskets dat de nije man/frou it Frysk yn elk gefal ferstiet, en dat er op syn minst seis jier bliuwt. De opfolger fan Bert Middel hoecht Smellingerlân lykwols net as it einstasjon fan syn karriêre te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)