Steatsboskbehear sil optrede

19 jan 2012 - 22:09

Steatsboskbehear sil stranger tafersjoch hâlde yn syn natuergebieten. Dat docht de organisaasje omdat it der hieltyd smoarger wurdt. Sa litte besikers hieltyd faker smoargens achter, mar dumpe minsken ek bewust ôffal. Steatsboskbehear sil faker kontrolearje yn de gebieten.

It tafersjoch sil dien wurde yn gearwurking mei plysje en gemeenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)