Revalidaasje skoart heech

19 jan 2012 - 17:16

Revalidatie Friesland yn Beetstersweach hat fan beoardieler Independer de heechste kwaliteitswurdearring krigen dy't oant no ta oan in revalidaasjesintrum yn Nederlân jûn is. It giet om 3,5 stjer. Revalidatie Friesland is dêrmei ien fan de trije ynstellings dy't dy heechste wurdearring krigen. Independer hat by syn beoardieling ûnder oare sjoen nei it ynfeksjesprevinsjebelied fan it revalidaasjesintrum, oerlis mei pasjinte-organisaasjes en de sitewaasje fan pasjinten dy't wer nei hûs meie.

Revalidatie Friesland is tige wiis mei 3,5 stjer, mar besiket yn de takomst de maksimale beoardieling fan fjouwer stjerren te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)