Rol Parnas definityf útspile

19 jan 2012 - 16:22

Parnas spilet gjin rol mear yn de nije kultuerplannen fan de gemeente Ljouwert. Fyftjin kulturele ynstellings en organisaasjes stean garant foar it oanbieden fan de kulturedukaasje yn de Fryske haadstêd. Fan 1 septimber ôf gean sy ûnder lieding fan in útfieringsorganisaasje oan de slach. De nije opset betsjut de ein fan sintrum foar de keunsten Parnas.

Nije wike praat de gemeenteried oer it plan dat tongersdei presintearre waard. By de kulturele ynstellings hearre ûnder mear HCL, Tryater, De Harmonie en Keunstwurk.

Der is noch wol 200.000 euro nedich om it totaalbedrach fan hast 1 miljoen euro klear te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)