'50.000 besikers ferwachte'

Mear as 50.000 besikers wurde ferwachte op de Caravana. De kampearbeurs yn it WTC yn Ljouwert waard tongersdei iepene. Hy is dit jier ta oan de 52e edysje.
Op de grutste kampearbeurs fan Nederlân litte oer de fjouwerhûndert eksposanten de nijste modellen op rekreaasjegebiet sjen. Sa is der in miny-caravan dy't mei ien druk op de knop útskoot ta in ferbliuwsromte. De Caravana duorret noch oant en mei 24 jannewaris.