Bliid mei monumint Tarakan

19 jan 2012 - 14:55

Sytske de Boer fan Frjentsjer is bliid dat der einlik erkenning is foar de dea fan har broer. Piet de Boer waard yn 1942 ombrocht troch Japanners by it Yndonesyske Tarakan. Yn Loenen yn Gelderlân is tongersdei in monumint ûntbleate ta neitins oan de slachtoffers fan de slach by Tarakan.

De Boer sit al in pear jier yn Nederlânsk-Yndië doe't de kolony oanfallen waard troch de Japanners. Syn ienheid wurdt fêstnaam en se wurde op in skip fermoarde. Se krije allegearre in seemansgrêf. De manlju hawwe nea in grêf of betinkingsplak krige, oant no

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)