Boek oer twongen prostitúsje

19 jan 2012 - 14:39

Plysjeman en lanlik ekspert op it mêd fan minskehannel Henk Werson presentearret tongersdei syn boek oer minskehannel en twongen prostitúsje. It hjit De Fatale Fuik. De opbringst giet nei de Veilige Veste fan Fier Fryslân.

Yn in âld plysjeburo yn Ljouwert wurde mei yngong fan april slachtoffers fan minskehannel ûnderbrocht. Oars sieten se op in geheim adres. De húsfesting yn it gebou oan de Aldlânsdyk betsjut in omslach yn de opfang. It wurdt op dit stuit by de tiid brocht.

Plysjeman Henk Werson wurket faak mei Fier Fryslân en fûn derom ek dat de opbringst fan syn boek nei de Veilige Veste moat. Yn syn boek komme alle fasetten fan minskehannel oan de oarder, ek de eigen ûnderfinings. De Veilige Veste wurdt ein april yn gebrûk naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)