Skylger bern nei Ajax-AZ

19 jan 2012 - 13:52
  • Skylge

Skoalbern fan Skylge sitte tongersdei by de fuotbalwedstriid Ajax-AZ. Learlingen fan iepenbiere basisskoalle it Hunnighouwersgat hearre ta de lokkigen dy't in kaartsje bemachtige hawwe foar de bekerwedstriid yn Amsterdam.

De wedstriid moast oerspile wurde om't hooligan Wesley besocht de keeper fan AZ oan te fallen. Hy joech dêrby in karatetraap. De skiedsrjochter lei de wedstriid stil en hy wurdt no oerspile mei inkeld bern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)