Automatyske hertmassaazje

19 jan 2012 - 12:37

De ambulânses fan Kijlstra hawwe sûnt tongersdei in apparaat oan board dat de kâns in hertoerfal te oerlibjen grutter makket. De autopulse is in reanimaasjeboerd dêr't de pasjint op lein wurdt. Om de boarstkas hinne wurdt in elektryske bân lein dy't automatysk hertmassaazje jout.

De autopulse makket it wurk fan de broeders op de sike-auto minder swier. Der hoecht allinnich noch beaseming jûn te wurden. Reanimaasje mei de autopulse soe boppedat folle mear fertuten dwaan.

Yn de regio Harns is earder in súksesfolle proef mei it apparaat hâlden. Dêrom hat Kijlstra alle sike-auto's foarsjoen fan in autopulse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)