Dronkeman 'berne yn 1844'

bier © Omrop Fryslân
In 47-jierrige dronken Ljouwerter joech woansdeitenacht in wol hiel opfallende bertedatum op by syn oanhâlding. Hy koe him net identifisearje en joech oant twa kear ta in falske bertedatum op. Hy sei dat er berne is yn 1844.
De plysje hie de man oanhâlden by Tsjerkgaast. Dêr foel er op trochdat er mei de auto oer de dyk slingere. De man wie sa dronken dat er in rydferbod fan alve oeren krige. Boppedat moast er syn rydbewiis ynleverje en krige er in proses-ferbaal.