Rjochtsaak Algra tsjin DS

Rendert Algra © Omrop Fryslân
Ald-CDA steatelid Rendert Algra sleept deputearre steaten (DS) foar de rjochter. De provinsje wol dat Algra in diel fan syn wachtjild werom betellet. Algra krige de útkearing doe't hy stoppe as steatelid en opnij Twadde Keamerlid waard. De útkearing gie ek troch doe't er in nije baan krige as foarsitter fan fakbûn De Unie.
Yn dy nije baan fertsjinne Algra minder. Neffens Algra hat hy derom rjocht op it jild. Mei-inoar giet it om in bedrach fan sawat 1500 euro.
De saak hat al tsjinne by de amtner-rjochter. Dy stelde dat it beslút fan de provinsje net doogde, mar die fierder gjin útspraak. No tsjinnet de saak begjin febrewaris foar de bestjoersrjochter.