Grêftsmiters langer fêst

19 jan 2012 - 10:51

Fan de fiif fertochten fan de mishanneling yn de nijjiersnacht op de Foarstreek yn Ljouwert bliuwe trije noch langer fêstsitten. Twa binne frij litten, mar bliuwe wol fertochte. In 39-jierrige man út Assen en in 20-jierrige Ljouwerter bliuwe noch 30 dagen fêst sitten, in 24-jierrige Ljouwerter noch 7 dagen. Se wurde beskuldige fan besykjen ta deaslach.

De fiif goaiden trije foarbygongers sûnder oanlieding yn de greft. Dêrnei hawwe se se mei bakstiennen en in fyts bekûgele.

Ien fan harren sprong yn it wetter om de slachtoffers ûnder wetter te triuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)