Winkeldieven Frjentsjer oppakt

Twa Slovenen binne woansdei yn Frjentsjer oppakt foar stellerij út winkels. Tsjûgen hiene sjoen dat se klean fuortnamen yn in kleanwinkel en de plysje belle. Dy hâlde de manlju eefkes letter oan yn in skuonwinkel. Dêrby fersetten se har en ien fan de manlju smiet skuon fuort dy't er ûnder de jas ferside hâlde.
Yn de auto fan de manlju leine noch mear stellen klean. Ien fan de manlju hie in falsk paspoart en falsk rydbewiis by him, sa die ek bliken.