SC H'fean: duorsum sûn wurde

18 jan 2012 - 21:14
  • Abe Lenstra stadion

SC Hearrenfean wol duorsum sûn wurde. Dat stiet yn it beliedsplan 'In nije Dei' dat woansdei presintearre is. It plan giet oer de perioade 2011-2014. Doel is om sportyf sjoen by de top fan de subtop te hearren yn Nederlân, geregeld kwalifikaasje foar Europeesk fuotbal te heljen en oantreklik te fuotbaljen.

Fierder wol de klup in sûne organisaasje wêze dy't midden yn de mienskip stiet. En finansjeel sûn wêze mei in begrutting fan 27 miljoen euro.

Njonken it beliedsplan is ek in aksjeplan mei de namme 'Trochsette, mei syn allen...' makke. Ien fan de doelstellingen dêryn is dat der trochstreaming komme moat fanút de fuotbalakademy.

We ha foarsitter Robert Veenstra ek frege om it beliedsplan ta te ljochtsjen, mar Veenstra wegeret Omrop Fryslân te wurd te stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)