'Astromûs dea troch trauma'

fjoerwurkmûs
De mûs dy't ein ferline jier mei tape oan in fjoerpylk fêstplakt waard, is mooglik ferstoarn oan de gefolgen fan de traumatyske ûnderfining dy't er trochmeitsje moast. It fjoerwurk gie net ôf, mar dochs oerlibbe de mûs it aventoer mei de pylk net. It bistje ferstoar op de redaksje fan de Ljouwerter krante, dy't him adoptearre hie.
De mûs moat ekstreem strest west hawwe. seit prof. dr. Frauke Ohl fan de fakulteit diergenêskunde yn Utert. It bist is opset en yn it Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert te sjen.