'Fryslân sil net fusearje'

'Fryslân sil net fusearje' © Omrop Fryslân
Fryslân sil seker net mei Grinslân en Drinte ien grutte provinsje foarmje. "No way", seit deputearre Tineke Schokker yn reaksje op de útspraken fan har VVD-kollega fan de provinsje Grinslân, Mark Boumans, dy't dat graach wol.
Ien grutte noardlike provinsje fan Fryslân, Grinslân en Drinte soe folle sterker stean yn Den Haach. Boppedat is skaalfergrutting goedkeaper, omdat minder politisy nedich binne, neffens de Grinzer deputearre. Boumans tinkt dat de Fryske kulturele identiteit oerein bliuwt by in fúzje.
Tineke Schokker bestriidt de opfettingen fan har Grinzer kollega en seit dat Fryslân selsstannich sterk genôch is.