Soad meldings by diereplysje

18 jan 2012 - 15:24

De diereplysje yn Fryslân hat it smoardrok mei meldings fan bistemishanneling en ferwaarloazing. Yn ús provinsje bewekje fjouwer plysjeminsken full-time it wolwêzen fan bisten. Yntusken binne de earste twa boetes útdield. De diereplysje docht ek it ûndersyk nei de saneamde astromûs dy't oan in fjoerpylk plakt waard om ôfsketten te wurden.

Fia it alarmnûmer 1-4-4 binne no sa'n 100 meldings oer mistannen yn Fryslân binnenkaam. Lanlik binne dat in 10.000.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)