Himpkwekerij Ljouwert oprôle

Himp © ANP
De plysje hat op de boppeste ferdjipping fan in flat oan de Anjen yn Ljouwert in himpplantaazje oprôle. Yn de plantaazje stiene goed 200 planten dy't klear wiene om ferwurke te wurden.
Neffens de plysje wie de plantaazje in gefaar foar de omjouwing. Der hie al brân west troch in transformator en dat hie sa wer barre kind. De plysje hat in 30-jierrige man oppakt. De stroom dy't brûkt waard, waard yllegaal ôftape.