Winsumer saken nei Burggraaff

18 jan 2012 - 14:47
  • Burggraaff

Foar de gebouwen fan it fallite boubedriuw Burggraaff yn Ljouwert is in nije bestimming fûn. Ien fan de twa loadsen giet nei metaalbedriuw Mannen van Staal yn Winsum, de oare giet nei buorman Grainplastics. Burggraaff gie yn juny ferline jier fallyt.

Yn de grutte hal op it yndustryterrein by de Hendrik Algrawei sieten al kranen dy't brûkt waarden foar it ferpleatsen fan betoneleminten. Dy kin it metaalbedriuw út Winsum ek hiel goed brûke. Boppedat wie dat metaalbedriuw al langer op syk nei in grutter plak.

Yn Winsum is net folle romte foar útwreiding. Grainplastics sjocht yn it oankeapjen fan de buorman in unike kâns. Der wurdt mei de gemeente noch oerlein oer it ferlizzen fan diken en fytspaden op it terrein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)