Feanster mishannelet frou

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdei op It Hearrenfean in 22-jierrige ynwenner fan dat plak oanhâlden, omdat er in frou fan deselde leeftyd út Wolvegea mishannele hawwe soe. Dat wie yn in hûs oan de Hiddingastrjitte op It Hearrenfean. Dêr pakte er de frou by de kiel en smiet har om. Ek fernielde er guod yn it hûs.
Doe't de ynskeakele plysje oankaam wie de man krekt útnaaid. Hy koe lykwols koarte tiid letter oanhâlden wurde. Hy is meinaam nei it plysjeburo, de frou moast foar behanneling nei it sikehûs.